Mea Vulva 

 

Mea Vulva / Moai Kut is de namme fan ‘e eksposysje dy't yn 2009 troch it lân (en bûtenlân) reizge. No komt der in ferfolch op – yn Ljouwert.


 

Dizze eksposysje 'ûndersiket' hoe ’t de maatskippij sjocht nei en reagearret op de froulike geslachtsdielen. De sfear rûn de froulike geslachtsdielen en seksualiteit is geheimsinnich en spannend. Dêr hoecht neat mis mei te wêzen of it moat wêze dat dy geheimsinnigens negatyf útpakt. En dat is it gefal. Dizze tentoanstelling lit dat sjen.

Ynhâldlik rjochtsje de dielnimmende kunstners har op ferskate aspekten. De nijste trend is dat froulju harren skamlippen korrizjeare litte. It giet hjirby soms om famkes fan noch gjin 15 jier âld. Is de oarsaak hjirfoar te finen yn 'e seksreklames, pornografyske blêdsjes en films? Wurde famkes der ûnwis fan en driuwt dy ûnwissigens har nei de plastysk sjirurch ta? Ferjitte se dat elts minsk unyk is?


 

Noch slimmer wurdt it as de skalpel net brûkt wurdt om der 'wat kreasers' fan te meitsjen, mar om de vagina te skeinen, lyk as it yn in oantal kulturen noch altyd gebrûklik is. Nettsjinsteande it ferbod op famkesbesnijenissen (yn Nederlân) komt dit noch hieltyd foar - ek yn of fanút Nederlân.

De vagina (= de frou) as gebrûksfoarwerp: te keap of te hier. Is prostitúsje wol sa gewoan as wy inoar leauwe litte wolle? En frouljushannel: is dat net gewoan kuttenhannel?


 

De eksposysje stelt dizze misstannen oan ‘e oarder mar is tagelyk en foaral ek in oade, in earbetoan oan de vulva. De geslachtsdielen fan 'e frou yn har natuerlike moaijens, sûnder plastysk sirurgyske yngrepen, sûnder skeining, sûnder misbrûk en sûnder taboes. Want is it net sa, dat krekt taboes sokke misstannen yn 'e hân wurkje en in frij en ûntspannen gedrach yn ‘e wei stean?

Dat is deasûnde.

 

 

 

 

 

 

 

 

       

 

(vertaling: Ellen van der Schaaf e.a.)